It autofabryk fan Theo de Jong: "Dêr't golfkarkes ophâlde, begjinne wy"

Jo wisten it miskien net mar ek Fryslân hat in eigen autofabryk. Yn Waskemar stiet it fabryk fan Frisian Motors. Se binne der ea begûn mei elektryske sitmeaners, mar rjochtsje har no hast folslein op de bou fan elektryske transportweintsjes. Direkteur Theo de Jong omskriuwt it sa: "Dêr't golfkarkes ophâlde, begjinne wy."
De Leffert © Omrop Fryslân, René Koster
Om it Fryske karakter te ûnderstreekjen binne de type-nammen ûntliend oan ferneamde Fryske hynsten: de Leffert, de Norbert en de Rimmert.

Fan bosk oant festival

De lêste jierren giet it as in spear. De sifers binne ferdûbele en de fraach nimt allinnich noch mar ta, ek út België en Dútslân. Yn 2020 rôlen sa'n 150 op maat makke Lefferts it fabryk út. Dy giene benammen nei terreinbehearders as Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer, mar se binne ek populêr by festivals, rekreaasjeparken en ek hieltyd mear by partikulieren, lykas Pieter van Vollenhoven en prinses Margriet.
Fan dy stoere off-road edysje komt meikoarten ek noch in stedske fariant. Dy is spesjaal bedoeld foar it emisjefrij besoargjen fan bygelyks iten en pakketten yn grutte binnenstêden, de saneamde 'last mile delivery'.
In part fan it petear út Buro de Vries
Theo de Jong © Omrop Fryslân, René Koster

VW-kever op stroom

Foar de hobby boude Theo de Jong, direkteur fan Frisian Motors, mei sukses ek noch in VW Kever út 1968 om mei syn systemen. En ek dy rydt dus no op stroom. De reade kever waard yn 2012 alris omboud nei elektrysk. Mar dy is sûnt koart mei de technyk fan Frisian Motors útfierd.
© Omrop Fryslân, René Koster
"It is benammen om sjen te litten wat der mooglik is, in soarte fan prestiizje-objekt, mar ekonomysk kin it net. Dat soe fierstente djoer wurde. Wy hawwe dit écht as hobbyprojekt dien", fertelt De Jong. "Leuk om mei te nimmen nei in beurs of sa. Mar miskien brûk ik 'm fan 't simmer ek wol foar wen-wurkferkear. Jo ride samar 100 kilometer op it akkupakket dat der yn sit. Dan kin it royaal. En it hat wol wat fansels, sa'n weintsje fan mear as 50 jier âld dat emisjefrij as in moderne Tesla oer de dyk sûzet..."
Mear oer dizze bysûndere Kever fan Theo de Jong en syn bedriuw Frisian Motors, yn Buro de Vries. Dat is snein 7 febrewaris tusken 11.00 en 13.00 oere.
© Omrop Fryslân, René Koster