Omrop TIP: Fryslân DOK oer Klaas Koopmans

06 feb 2021 - 10:00

Hûndert jier nei syn berte bringt Fryslân DOK op 6 en 7 febrewaris in nij portret fan de keunstskilder Klaas Koopmans. Hy skildere it Fryske lânskip en makke djippe yndruk mei syn gestichtstekeningen.

Klaas Koopmans (Garyp, 1920-2006) waard bekend troch syn ekspresjonistyske skilderijen fan it Fryske lânskip. Mar miskien noch wol mear troch de ynkringende tekeningen dy't er makke by syn opnamen yn psychiatryske ynrjochtingen. Yn Museum Dr8888 is ein 2020 in oersichtstentoanstelling fan syn wurk ynrjochte, ûnder de titel 'Waanzinnig!' It museum hopet dy nei de lockdown op 'e nij ûnder de oandacht te bringen.

Klaas Koopmans hat in lânskip skildere (1991) - Foto: Omrop Fryslân

Klaas Koopmans heart by de kanon fan de Fryske keunst. Mei fjouwer befreone skilders (Jan Frearks van der Bij, Pier Feddema, Sjoerd Huizinga en Jaap Rusticus) foarme hy de groep 'Yn 'e line' en fertsjintwurdige sa it ekspresjonisme yn Fryslân. Lykas de keunstners fan 'De Ploeg' dat wiene yn Grinslân.

Tentoanstelling fan Klaas Koopmans yn Museum Dr8888 - Foto: Omrop Fryslân

Koopmans waard gauris opnommen yn psychiatryske ynrjochtingen, somtiden moannenlang. Hy sketste syn meipasjinten en it personiel. Hûnderten gefoelige tekeningen fan minsken yn 'e ferdrukking binne dêr it resultaat fan. Pas ein jierren santich mochten dy foar it earst oan it publyk toand wurde, fanwege de taboesfear dy't der lang omhinne hong. No meitsje de tekeningen diel út fan museumkolleksjes.

Trije tekeningen fan Klaas Koopmans - Foto: Omrop Fryslân

Annet Huisman is de programmamakker fan dizze Fryslân DOK. De basis is de dokumintêre dy't Piter Tjeerdsma yn 1991 makke fan Klaas Koopmans. Syn eigensinnige karakter en wurk spat fan it skerm. Dochter en galeryhâlder Anje Wester en soan Gosse Koopmans, sels ek keunstner, jouwe har persoanlike fisy op harren heit en syn wurk.

Anje Wester oer har heit Klaas Koopmans - Foto: Omrop Fryslân

"Als ik mij zwak voel dan ben ik machtig"

Jan Henk Hamoen koe de djipleauwige Klaas Koopmans fan doe't er as jonge dûmny yn Garyp wurke. "Als ik mij zwak voel dan ben ik machtig" is in sin út de brieven fan Paulus (2 Kor. 12:10), oanhelle troch Koopmans. Hy ûnderfûn it as stipe en ynspiraasje om it soms drege libben en skeppend wurk folhâlde te kinnen.

Jan Henk Hamoen, âld-dûmny Garyp - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: Klaas Koopmans - 100 jier, "Als ik mij zwak voel dan ben ik machtig"

  • Sneon 6 febrewaris, 15.30 oere, NPO 2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 7 febrewaris 13.10 oere)
  • Snein 7 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
Lânskip fan Klaas Koopmans - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)