Kollum: "De iiskliko is gefaarlik foar topsporters"

06 feb 2021 - 09:46

"De lêste jierren seagen je yn topsport in nuver fenomeen. Nei in wedstriid of training namen guon atleten plak yn in kliko. Yn dy kliko siet gjin gft of oar ôffal, mar iiswetter. No bin ik sa as guon fan jim wol witte in grut leafhawwer fan snie, iis en winter, mar dizze behanneling fan topsporters haw ik altyd hiel apart fûn.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Gefoelsmjittich like it my tsjinstridich om spieren dy't krekt allemachtich op harren duvel hân hawwe yn it iis te setten. De efterlizzende gedachte is dat de spieren flugger werstelle soenen fan harren ynspanningen. Dizze behannelmetoade is bekend ûnder de namme 'cryotherapie'. Ik leau net dat der in Frysk wurd foar is, en dat moat ek mar moai sa bliuwe. Want myn rare gefoel oer dizze iistobbe krige dizze wike in wittenskiplike triuw yn de rêch.

It is net mear de fraach of it iisbad goed is foar it werstel, want it tsjinoerstelde is wier. Op de langere termyn sil jo spiermassa der fan krimpe. Dat liket my net de bedoeling fan al dy sporters dy't mei in mûtse op de holle en moffen oan de hannen harren sitte te ferbiten yn in kliko mei iis. Dy gienen der dochs hooplik wol fan út dat harren begelieders dit mei wittenskiplik ûnderleine teory staavje koenen.

Willem-Paul Wietz is bewegingswittenskipper by Kenniscentrum Sport & Bewegen en dy lei yn De Volkskrant út dat it effekt fan je spieren nei ynspanning bleatstelle oan de ekstreme omstannichheden yn de iiskliko dwersferkeard wurkje. Spieren sinjalearje dat nei in ynspanning nij spierweefsel oanmakke wurde moat. Mar as jo yn in iistobbe stappe, wurdt dat gefoel troch de kjeld delbêde. En dus makket de spier gjin nij weefsel oan.

Ek heechlearaar 'ecologische energetika en gezondheid' Marken Lichtenbelt befêstiget it ferhaal fan Wiertz. Yn 'e mande mei Maastricht University die hy ûndersyk. Hiel simpel eins, twa wiken lang stutsen sporters ien skonk yn it iiswetter fan 8 graden en de oare yn lij wetter fan 30 graden. Yn 14 dagen die bliken dat de opbou fan nij spierweefsel yn de kâlde skonk 12 persint minder wie as yn de waarme skonk.

Topsport is gewoan net sûn. Sa wreed is it. Sporters hawwe nei in iisbad minder spierpine, mar wat it werklik mei harren docht soenen de begelieders witte moatte. In kliko mei iiswetter is net in goed ûnderdiel fan it beoefenjen fan topsport. Sterker, it kin gefaarlik wêze. As topsporter binne de spieren jo motor. As je dan kear op kear ynleverje oan spiermassa, is de refleks fan sporters en begelieders meastal dat der noch hurder traind wurde moat om dat te kompensearjen. En sa komme jo yn in delgeande spiraal.

Dus ophâlde mei dy iiskeunsten en brûk de kliko dêr't er foar makke is. Foar it opslaan fan ôffal en net foar it ôffieren fan mei soarch opboude spiermassa."

(Advertinsje)
(Advertinsje)