Oanpaste en ferfallen feartsjinsten nei de Waadeilannen

06 feb 2021 - 12:30

Fanwege it kommende winterwaar en de hurde wyn hawwe de rederijen dy't nei de Waadeilannen farre ferkate tsjinsten oanpast of ferfalle litten. Op dit stuit falle acht tsjinsten út en fan twa tsjinsten binne de ôffearttiden wizige.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Wagenborg Passagiersdiensten hâldt rekken mei in ekstreme waarsferwachting. Snein moatte reizgers rekken hâlde mei grutte fertraging en útfal. De feartsjinst It Amelân-Holwert (10.30 oere) en Holwert-It Amelân (11.30 oere) falle sawiesa út. Ek ferskate sneltsjinsten farre net: It Amelân-Holwert (12.30 oere), Holwert-It Amelân (13.00 oere), Lauwerseach-Skiermûntseach (11.30 oere) en Skiermûntseach-Lauwerseach (12.00 oere).

Troch it lege wetter en de hurde wyn hat Rederij Doeksen in pear ôffearten feroare: Harns-Skylge fan 15.05 ferskoot nei 16.35 oere, en de ôffearten Skylge-Harns (17.30 oere) en Harns-Skylge (19.45 oere) komme te ferfallen. Doeksen sil snein gewoan neffens de tsjinstregeling fare.

Te min wetter om te farren

Direkteur Ger van Langen fan Wagenborg Passagiersdiensten leit út wat der krekt oan de hân is: "Het is meer dan 2,24 beneden N.A.P. en dat is behoorlijk extreem. de geul is 3,80 meter diep en op Schiermonnikoog 3,5 meter. Daar moet je dan zo'n 2,25 af halen, dan blijft er niet zoveel over. We kunnen letterlijk niet varen. De schepen steken 1,5 meter en 1,60 meter als ze beladen zijn. Dat betekent dat het schip op de romp zit en niet kan varen. Daarom vallen er diensten uit."

Dêr komt ek nochris by dat de eastewyn oanhâlden bliuwt en de temperatuer fierder sakket. "Dan zal er ook ijsvorming zijn bij de platen bij laag water, dat komt bij hoog water weer in de vaargeulen terecht. Dus daar krijgen we volgende week ook mee te maken. De kans op vertraging is groot omdat het schip niet de volledige snelheid kunnen maken als er weinig water is. Bij hoog water zullen we altijd wel varen. Verder raad ik aan om de website in de gaten te houden."

Direkteur Ger van Langen fan Wagenborg Passagiersdiensten

(Advertinsje)
(Advertinsje)