Piet Paulusma: "Kâld, kâld, kâld, mar minder snie as earder tocht waard"

06 feb 2021 - 11:18

It sil dé fraach wêze op dit stuit: hoe komt it mei it winterwaar? It KNMI hat foar snein koade giel ôfkundige foar Fryslân, mar yn ferliking mei oare provinsjes falt it ta wat de sniefal oanbelanget. "De kâlde lucht wint no fan it noardeasten út terrein," seit waarman Piet Paulusma. "Sneon en snein is der kâns op wat snie. Net in soad, sa't it no liket. Mar wy geane rjochting de froast mei hurde oant stoarmige wyn."

Foto: Omrop Fryslân

Waarman Piet Paulusma leit út dat it waarbyld noch wol kompleks is. "De kâlde lucht wint no út it easten-noardeasten terrein, dus dy komt ek nei ús ta. Der sit in gebiet mei wat snie. Der falt al wat snie yn it Noarden, it Waadgebiet, Grinslân en ek it noardeasten fan ús provinsje hat wat kâns op snie. It oare part fan Nederlân sit noch dik boppe nul mei rein út it súdeasten wei."

IIskwaliteit

Yn oare parten fan it lân is it wat de snie oanbelanget slimmer. "Wy lizze dit wykein yn it gebiet dêr't net de measte snie falt, sa't it no liket. Dêr binne in soad minsken bliid mei, want dy wolle graach goed iis hawwe. Dy iiskwaliteit wurdt fansels better, want wy geane wol in wike yn 'e mjitte mei matige froast yn de nachten."

De gefoelstemperatuer rint al aardich nei ûnderen sneontemoarn. "Yn Boalsert is it 1-1,5 graden boppe nul mei in gefoelstemperatuer fan -5. Dy gefoelstemperatuer spilet in wichtige rol. Want litte wy earlik wêze, it fielt al flink kâld oan. Yn Grou wie bewolking, 2,5 milimeter ôftape en in heale graad boppe nul. Kollum in heale graad ûnder nul, wat lichte rein. Dan is der kâns op glêdens. De rein befrear op de auto, sei de waarnimmer."

Piet Paulusma mei de waarfoarsizzing fan 8.30 oere

Neffens Piet Paulusma bliuwt der sneon bewolking en is der kâns op snie of lichte snie. "Regionaal kin dat noch wol wat ferskille. Yn it noardlike part en it Waadgebiet wat mear kâns op wat snie. De temperatueren lizze op dit stuit noch krekt boppe nul op de measte plakken, mar geane nei de -1. De wyn is matich oant krêftich en dy sil yn it Waadgebiet krêftich oant hurd wurde mei wynstjitten yn krêft 8."

Sneontejûn en -nacht sakje de temperatueren: "Wol wat snie, de temperatueren rinne werom nei -3 of -4 graden, dus lichte froast. Noch altyd sneontejûn en -nacht in krêftige en hurde wyn mei wynstjitten oant krêft 8yn it kust-, Waad- en Iselmargebiet. Mear de provinsje yn wynstjitten oant krêft 6 of 7."

Snein: "Kâld, kâld, kâld"

Snein wat snie en lichte snie, mei lichte froast en en krêftige oant hurde wyn út it easten of noardeasten wei. Paulusma: "Wynstjitten yn krêft 8 of 9, benammen yn it Waadgebiet. Dus: kâld, kâld, kâld. Yn de nacht kâns op in bytsje snie, mei in temperatuer fan sa'n -5 of -6.

De kommende wike stiet der ek kâld waar op it menu. "Moandei kâns op in bytsje snie, oerdeis ûnder nul. Tiisdei drûch, oerdeis ûnder nul. Woansdei oerdeis ûnder nul, yn de nacht -7 oant miskien wol -9. Dat betsjut dat it matich frieze sil en dat it kompleet winter wurdt."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Snein koade giel foar Fryslân

It KNMI hat foar snein koade giel ôfkundige foar Fryslân en Grinslân. Yn alle oare provinsjes jildt sels koade oranje: foar Nederlânske begrippen is it in bysûndere kjeldynfal, mei driftsnie, wyn, sniedunen, izel en in lege gefoelstemperatuer. It waarynstitút warskôget Fryslân foar snie en glêdens. Der wurdt sa'n 2 oant 5 sintimeter snie ferwachte. Dêrtroch kin it glêd wêze op de diken. Ferkearsdielnimmers kinne it bêste harren rydgedrach oanpasse en de waarberjochten folgje.

Ek kinne der neffens it KNMI wynstjitten foarkomme: benammen oan de kust is der kâns op swiere wynstjitten, oant 80 km/oere. It ferkear en bûtenaktiviteiten kinne dêr lêst fan krije. De warskôging foar hurde wyn jildt fan sneon middernacht oant sneintejûn 21.00 oere.

Sneontejûn komt der delslach út it suden wei it lân yn. De rein sil nei alle gedachten frij rap yn snie oergean yn it suden fan it lân. De sniefal lûkt wol nei it noarden, mar de súdlike provinsjes hawwe de measter hinder: yn it easten fan Gelderlân en Noard-Brabân sil der 10-15 sintimeter falle. Troch de eastewyn kin der sniejacht ûntstean: snie kin opwaaie en dêrtoch kinne der sniedunen ûntstean.

Tarieding

Rykswettersteat hat freed al warskôge foar glêdens troch it befriezen fan wiete parten fan de dyk en izel. Rykswettersteat hat ekstra personiel ynset foar it wykein. De loadsen fan de stipepunten yn de trije noardlike provinsjes binne mei in nije foarried sâlt oanfolle. Ek binne struiweinen en skieskowers nochris test. De ANWB hat in oankundiging fan glêdens dien en freget minsken net de dyk op te gean as it net needsaaklik is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)