IIsklup Earnewâld: "Wy meie net organisearje, mar wol fasilitearje"

06 feb 2021 - 11:17

Winterwaar of net, dit jier sil der gjin striid wêze om de earste natueriismaraton of -toertocht. Dat bringt tefolle minsken byinoar. Foar iisbanen hat Veiligheidsregio Fryslân in protokol opsteld, mar kinne je op it iis yn natuergebieten? Foarsitter Age Veldboom fan iisklup Lyts Begjin yn Earnewâld jout oan dat sy benammen de feiligens yn it each hâlde. Faak organisearret de klup by de Jan Durkspolder ien fan de earste reedrydtochten yn it lân, mar dat giet no dus sawiesa net troch.

IIs yn it ferline op de Jan Durkspolder - Foto: Omrop Fryslan

De '100 fan Earnewâld' giet dus sawiesa net troch, ek as der takom wike genôch iis leit. "Ik wie krekt bûtendoar, it is noch allegearre wetter en einen. Dus je tinke ek: wêr hawwe je it oer? Mar it komt der oan. En neffens de foarsizzingen komt der geweldich dik iis. Dan is it skande dat wy neat organisearje meie," seit Age Veldboom. "De 100 fan Earnewâld kin net trochgean en dat hiene wy no einlik sa graach ris op hope."

Fasilitearje

Dochs betsjut it net dat de iisklup binnen bliuwt as der in dikke iislaach leit. "Wy hawwe as iisklup ek de taak om alles feilich te hâlden. En dêryn sille wy wol aktyf wêze: wy sette de wekken ôf, wy soargje derfoar dat it gjin binde wurdt mei it parkearjen en wy wolle ek net dat minsken hjir oer de dyk krûpe fan de lytse mar nei de Jan Durkspolder om te klúnjen. Je kinne wol fasilitearje, mar je meie it net organisearje."

"Minsken binne net te kearen"

De iisklup harket goed nei wat der mei fan Veiligheidsregio Fryslân en de gemeente. "Moandeitejûn hawwe wy in gearkomste om dat mei te nimmen." Veldboom leit ek út dat je minsken dy't reedride wolle eins net keare kinne. "It is lyk as Steatsboskbehear of It Fryske Gea de kuierders net tsjinhâlde kinne. Je meie al nearne hinne fanwege corona. En as der dan prachtich iis leit, wat is der dan moaier as op de redens de natuer yn te gean? Wy geane hjir net by de hikke stean. It is gjin iisbaan, it is natueriis. Minsken binne net te kearen. Dus wy kinne allinne fasilitearje en foar de feiligens soargje. En as der banen komme, dat der fage wurdt."

Veldboom seit nochris mei klam dat it ôfwachtsjen is wat it waar docht. "It waait op 't heden hurd. Wy krije earst noch twa-trije dagen mei hurde wyn, dan wol it wetter ek net samar befrieze. En as it wol befriest en der komt snie yn, dan krije je benammen op de lege wâl rotiis. In moaie flakke flakte sa't it ferline wike wie, dat sil der de kommende dagen net wêze."

Age Veldboom, foarsitter fan iisklup Lyts Begjin yn Earnewâld

(Advertinsje)
(Advertinsje)