Sa bringt it Noard-Nederlânsk Orkest in oade oan Leonard Cohen

05 feb 2021 - 21:03

It Noord Nederlands Orkest hat in symfoanyske oade brocht oan singer-songwriter Leonard Cohen. 'A symphonic tribute to Leonard Cohen' waard laat troch dirigint en arranzjeur Dirk Brossé, mei Vera Mann en René van Kooten as sjongers.

Sjoch hjir nei it folsleine konsert.

Leonard Cohen wurdt sjoen as ien fan de wichtichste singer-songwriters út de popmuzyk. Syn earste hits datearje út de jierren sechstich en syn lêste album produsearre hy op 82-jierrige leeftiid, flak foar syn ferstjerren yn 2016. Yn al dy jierren is hy by in grut publyk bekend en yn trek bleaun; noch yn 2013 trede er op foar in útferkocht Ahoy en Ziggo Dome. Syn hannelsmerk wie de donkere, rauwe stim dêr't er syn poëtyske teksten oer hoop, leafde, it libben en de dea ekstra djipgong mei joech.

Yn dit konsert mei hits as, Hallelujah, Suzanne, So long Marianne, First we take Manhattan en Take this waltz, is te hearren dat Cohens krêftige melodyen ek yn in orkestrale jas ta har rjocht komme.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsert op: nno.nu/concert/symphonic-tribute-to-leonard-cohen.

Trefwurden: 
NNO konsert Leonard Cohen
(Advertinsje)
(Advertinsje)