It wurdt glûpende kâld: wat foar ynfloed hat dat op it coronafirus?

05 feb 2021 - 23:47

Sûnt it coronafirus yn Nederlân is, ha we noch gjin lange perioade fan kjeld hân. No wurde der temperatueren ferwachte fan meardere graden ûnder nul. We fregen wat dêr de gefolgen fan wêze kinne, oan arts-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan it Ljouwerter ynstitút Izore.

Foto: ANP

Anne-Marie van Elsacker

Der wurdt de kommende dagen tige kâld waar ferwachte. Yn de nachten kin it wol njoggen graden frieze, tinkt waarman Piet Paulusma.

"Het gedrag van de mens is belangrijker dan de temperatuur," seit arts-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan it Ljouwerter ynstitút Izore. "Je wordt niet verkouden van het weer, maar van het virus."

Troch kjeld kin in firus langer oerlibje, seit Van Elsacker, mar de ferskillen binne no te lyts om fan in grutte ynfloed te sprekken. "Het is een algemeen gegeven dat koud weer goed is voor een virus om langer te kunnen overleven," seit Van Elsacker. Mar dat is neffens de mikrobiolooch net de iennige reden foar in fersprieding fan it firus. It leit mear oan gedrach fan minsken.

'Als we met de hele buurt een sneeuwballen gevecht houden, gaat het mis'

"Door de kou gaan we altijd wat dichter bij elkaar staan. Dat is nu eventjes niet handig." Neffens Van Elsacker moatte minsken wol efkes genietsje dit wykein. "Maar als we met de hele buurt een sneeuwballen gevecht houden, gaat het mis. Gelukkig houden heel veel mensen zich prima aan de regels en krijg je minder snel besmettingen."

Echt grutte ferskillen sil it waar net jaan, seit Van Elsacker. It firus docht it neffens har net oars by -2 of in temperatuur fan +5. Dat in grypgolf benammen yn de winter taslacht komt troch de minsken sels. "We zitten dan wat vaker dicht op elkaar binnenshuis. Je gaat minder snel naar buiten maar nodigt mensen thuis uit. Dan steek je elkaar aan." Dochs moatte we der al om tinke foar de kommende wiken. "Houd het boerenverstand om na deze crisis toch geen derde golf te krijgen."

Trefwurden: 
kjeld winterwaar coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)