It Polytburo: 'Minsken út de Rânestêd moatte Frysk leare as se hjir wenje wolle'

"Hâld it plattelân leef- en betelber". Dy oprop docht FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer. Hieltyd faker sjocht er dat minsken de Rânestêd ferruilje foar de regio. It gefolch is dat de toch al krappe wenningmerk yn Fryslân fierder ûnder druk komt te stean, wat ten koste giet fan starters út de doarpen sels.
Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering fan It Polytburo.
Op himsels wol Soepboer de westerlingen wol wolkom hjitte, mar hy wol se ek warskôgje: nijkommers moatte rekken hâlde mei de noarmen en wearden fan Fryslân. Ek moatte se ree wêze de Fryske taal te learen.