SC Hearrenfean-trainer Johnny Jansen: "Ik doe de lange onderbroek aan!"

05 feb 2021 - 18:09

De oranje ballen binne oppompt en de fjildferwaarming stiet oan. SC Hearrenfean spilet sneontejûn tsjin Vitesse en dan wurdt der in soad snie foarsein yn kombinaasje mei hurde wyn. De klup docht der alles oan de wedstriid trochgean te litten. Trainer Johnny Jansen hat de ôfrûne dagen de waarsfoarsizzing goed yn 'e gaten hâlden.

Johnny Jansen

"Je zit steeds te kijken op internet, wanneer komt het? Gaat het om negen uur sneeuwen of misschien daarvoor al. Of komt het tijdens de wedstrijd. Ik doe in ieder geval de lange onderbroek aan!", seit Jansen.

Hearrenfean stiet yn de kwartfinale fan de nasjonale beker. En mei fjouwer punten út de lêste twa kompetysjewedstriden tsjin Feyenoord en FC Twente binne de resultaten hiel behoarlik. Mar it is dúdlik dat de spilers noch wenne moatte oan it nije twa-spitsen systeem. Tsjin Feyenoord slagge dat perfekt, tsjin FC Twente net.

Stap voor stap zijn we bezig het elftal te verbeteren, maar dat heeft tijd nodig.

Johnny Jansen, trainer fan SC Hearrenfean

Jansen: "Twente wilde ons heel snel onder druk zetten, dan moeten we eerder de lange bal spelen. Zodat we niet rondom onze eigen zestien onder druk komen te staan. Maar als je er wel voor kiest om van achteruit te gaan opbouwen, dan moet je veel nauwkeuriger aan de bal zijn. En je moet de tegenstander dwingen tot keuzes. Daar kunnen we als ploeg nog een stap in maken. We hebben er na de winter een aantal nieuwe jongens bijgekregen, die proberen we nu zo goed mogelijk in te passen. Stap voor stap zijn we bezig het elftal te verbeteren en om aan elkaar te laten wennen, maar dat heeft wel z'n tijd nodig."

Johnny Jansen - Foto: Orange Pictures

Mei Vitesse komt de nûmer trije fan de earedifyzje op besite. De Arnhemmers wûnen nei de winterstop, ynklusyf it bekerduel mei ADO Den Haag, fiif kear op rige. Se stienen sels even op in dield earste plak. Mar yn de lêste wike sit der sân yn de Arnhemske motor. Fan VVV-Venlo waard mei 4-1 ferlern, wylst der tsjin RKC Waalwijk mei 1-1 lyk spile waard.

"Dan blijkt maar weer dat het lang niet altijd makkelijk is wedstrijden in de eredivisie te winnen. Toch vind ik Vitesse wel een goede ploeg, met veel individuele kwaliteiten. Maar we hebben ons plan klaar. De backs van Vitesse willen altijd doordekken, misschien ontstaat er daardoor wel in hun rug heel veel ruimte. Daardoor moeten de centrale verdedigers weer uitstappen en zo ontstaan er nog meer ruimtes voor ons", sa analysearret Jansen.

De wedstriid SC Hearrenfean-Vitesse begjint om 16.30 oere en is live te hearren yn it sportprogramma Sneon yn Fryslân. De wedstriid is 4,5 oere nei foaren helle yn ferbân mei de ferwachte minne waarsomstannigheden.

Ferwachte opstelling: Mulder, Floranus, Dresevic, Bochniewicz, Kaib, Halilovic, Kongolo, De Jong, J. Veerman, H. Veerman en Van Bergen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)