Topdrokte by winkels no't winterwaar ferwachte wurdt: "Ik lykje wol profesjoneel sliper" 

05 feb 2021 - 17:48

Troch de winterske ferwachtingen fan dit wykein wolle in soad minsken noch rap efkes winterguod yn 'e hûs helje. By de winkels is it dan ek topdrokte. Mar ek it slypjen fan redens is yn trek. "Ik soe allinnich hjoed efkes de redens fan myn fêste gasten slypje", seit eigener Tom Mulder fan kafee It Houtsje op It Hearrenfean. "Mar ik ha sa'n soad binnen krigen, dat ik snein noch dwaande bin."

Topdrokte by winkels

"Sjoch, hjir stiet in taffeltsje dêr't de klanten de redens op lizze kinne", begjint Mulder syn ferhaal. By de yngong fan de kroech stiet in tafel klear. Tal fan fêste klanten leverje dêr de redens yn. "Mei dit blok besykje ik se te slypjen", seit Mulder, wylst hy syn kafee ynrint.

Hy bliuwt stean by in grut griis blok, dêr't twa redens op de kop ynhingje. "Ik doch noch alles mei de hân en dat doch ik al jierren. Allinnich foar de fêste klanten, hear, want it is myn wurk fansels net. Mar yn dizze tiid is it moai om wer wat te dwaan."

Mulder doelt dermei op de rêstige tiid troch corona. De kroech is al hast in jier ticht. "Dus is it moai om efkes dwaande te wêzen, mar it wie ek nedich fernim ik. Der binne al in soad oanfragen binnen kaam. Mar ik slypje allinnich hjoed en moarn noch, dêrnei wol ik sels it iis op."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Tom Mulder op It Hearrenfean

Tom Mulder fan kafee It Houtsje op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ien fan de klanten dy't de redens bringt is Marjanne Fransen. "Ja, hearlik dochs, dy winter dy't der oankomt", seit se. "Ik ha der sa'n nocht oan want ik bin gewoanwei altyd om dizze tiid op wintersport. Dat kin no net, dus lit de winter hjir mar komme. Hooplik komme der wat bergen, dan wurdt it hielendal moai."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De drokte fernimme se net allinnich op It Hearrenfean. By in winkel yn Jirnsum fleane de winterartikelen de winkel út. "Ik ha guod fan souder helle, dat der al tolve jier stiet", laket eigener Frits Smidstra. "Dat rekke ik nea kwyt, mar dat is no wol oars. Kinne we der noch efkes wat op fange."

Mei troch alle regels kin Smidstra lykwols syn winkel net folslein iepen dwaan. "Minsken moatte online bestelle of efkes belje, dan kinne we se noch helpe. Mar ik soe dan al rap wêze, want sels de sliden binne al fuort. We ha allinnich noch mar de snieskeppen lizzen."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de winkel yn Jirnsum

(Advertinsje)
(Advertinsje)