Bewenners en meiwurkers Nieuw Mellens yn Ljouwert besmet mei coronafirus

05 feb 2021 - 17:00

Yn it Ljouwerter wensoarchsintrum Nieuw Mellens is in corona-útbraak fêststeld. Yn totaal binne 19 bewenners en 2 meiwurkers posityf test. Dat meldt soarchkoepel Noorderbreedte, dêr't Nieuw Mellens ûnder falt.

Foto: Google Streetview

It is noch net dúdlik oft der sprake is fan de Britske fariant, al binne de besmettingen neffens Noorderbreedte rap gien. De ôfdielingen dêr't de besmettingen fêststeld binne, sitte yn karantêne. 24 bewenners dy't negatyf test binne, wurde letter nochris test.

Alle bewenners dy't dat woene en by wa't dat mooglik wie, ha op 29 jannewaris de earste coronafaksinaasje krigen. Ynkoarten krije sy de twadde faksinaasje.

Nieuw Mellens hat 96 bewenners en is in wensoarchlokaasje foar minsken mei in bepaalde foarm fan demintens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)