Provinsje stelt farferbod yn foar iisgroei; Wetterskip set sluzen ticht

05 feb 2021 - 22:56

De provinsje Fryslân stelt in farferbod yn op alle farwegen, behalve dy dy't brûkt wurde troch de beropsfeart. Dat meldt de provinsje. It farferbod is bedoeld om de iisgroei te stimulearjen.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Dykgraaf Luzette Kroon

It farferbod giet sneon yn, om njoggen oere jûns. It Wetterskip nimt ek maatregels dy't de oangroei fan iis makliker meitsje moatte. It 'draaiboek iis' is fan de planke helle, meldt it Wetterskip.

Der wurdt de kommende dagen tige kâld waar ferwachte. Yn de nachten kin it wol njoggen graden frieze, tinkt waarman Piet Paulusma.

Gemalen út en sluzen ticht

De wetterstân yn kanalen, fearten en marren wurdt ferlege, de measte gemalen geane út, en de sluzen geane ticht. Sa moat it wetter yn de Fryske boezem stadich ta rêst komme. Dan befriest it makliker, seit it wetterskip.

"In Fryslân willen we periodes van aanhoudende vorst optimaal benutten om schaatsplezier waar het kan mogelijk te maken," seit dykgraaf Luzette Kroon. "Daarom stemmen we met onze partners af welke maatregelen we kunnen nemen om de ijsgroei zo goed mogelijk te bevorderen."

Net alle gemalen tagelyk ticht

De kearslûs yn de Lege Walden en de spuisluzen yn Harns, Zoutkamp en Dokkumer Nije Silen geane ticht. It Hooglandgemaal yn Starum giet út sadra't it wetter leech genôch stiet.

De measte poldergemalen wurde snein útset. Net allegearre tagelyk, meldt it wetterskip, om wetteroerlêst te foarkommen.

Troch de delslach fan de ôfrûne dagen komt der neffens it Wetterskip noch in protte wetter fanút de polders de Fryske boezem yn. Dat nimt ôf as de temperatueren leger wurde.

Trefwurden: 
wetterskip iis farferbod
(Advertinsje)
(Advertinsje)