Glêdenskoördinator provinsje: "Sâltfoarried is op peil, wy ha der suver sin oan"

"Wy ha ús sâltfoarried op peil, de snieskowers ha we test en we ha de oannimmers by del west om te sjen oft dy it oankinne. De sâltstruiers ha we earder dizze winter al brûkt, dêrfan witte we dat se it dogge. Wy ha der suver sin oan." Sjoerd Marten Vrieswijk, de glêdenskoördinator by Provinsjale Wettersteat, is fol fertrouwen dat syn manlju de bult snie dy't foarsein is foar it wykein oankinne.
Provinsjale Wettersteat makket him klear foar de snie
Rykswettersteat is ferantwurdlik foar de sneldiken en in pear oare provinsjale diken. Op de measte binnendiken komt de provinsje yn aksje. Vrieswijk is yn de boeken dûkt om him ta te rieden op dit wykein. "Yn 2012 hat der in soad oerlêst west fan de snie. Dus we ha de draaiboeken út dy tiid derby pakt. Yn de tuskentiid ha we wol de Sintrale As derby krigen bygelyks, mar it is benammen in útdaging om alles iepen te hâlden by de kombinaasje fan wyn en snie dy't foarsein is."

Fjirtich kombinaasjes op 'e dyk

Neffens Vrieswijk stiet de provinsje manmachtich paraat. "Wy ha yn elk gefal tweintich frachtauto's op 'e dyk, en ek noch tweintich trekkers. Sis mar fjirtich kombinaasjes. Dan ha we noch koördinatoaren dy't bepale wêr en wannear oft we struie, de technyske tsjinst is paraat. In hiel och heden dit wykein dus."
En wat as der no ynienen dochs gjin snie falt? "Ast de ferskate waarberjochten sjochst, tink ik net dat we der oan ûntkomme dat der snie falt. Mar hoefolle oft dat is, en wêr, dat moat we ôfwachtsje."