Transportbedriuw Kooiker yn Grou nimt kollega Brant Visser oer

05 feb 2021 - 16:55

Transportbedriuw Kooiker Logistiek fan Grou hat kollega-transporteur Brant Visser fan It Hearrenfean oernaam. Kooiker set dy stap, omdat skaalfergrutting neffens it bedriuw needsaaklik is om kwaliteit leverje te kinnen en duorsum te wurkjen.

Foto: Eigen foto

Troch de oername ûntstiet in bedriuw mei in lytse 300 meiwurkers, 130 frachtauto's en 4 opslachromtes. Beide bedriuwen ha in lange histoarje. Kooiker waard oprjochte yn 1918 en Brant Visser yn 1892.

De direkteuren fan beide bedriuwen sille mei-inoar it nije bedriuw liede en de bedriuwsnamme Brant Visser bliuwt bestean neist dy fan Kooiker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)