Gemeente Harns stiet coronademonstraasje ta mei maksimaal 150 minsken
De gemeente Harns hat tastimming jûn foar in coronademonstraasje yn de stêd. Dat meldt de gemeente. De demonstraasje is sneon tusken 16 en 17 oere. Der meie net mear as 150 minsken komme.
De minsken dy't demonstrearje, geane te gean fanôf it treinstasjon nei de binnenstêd. Fan de gemeente moatte se mûlkapkes op, en oardel meter ôfstân hâlde.
In wurdfierder fan de gemeente woe gjin fierdere taljochting jaan.
Earder dit jier wiene der coronademonstraasjes yn Hearrenfean en Ljouwert. Yn Hearrenfean waard mei swier fjoerwurk knald, en yn Ljouwert binne twa minsken oanholden.