Alve skoallen Achtkarspelen negearje coronaprotokol Slob

De alve skoallen fan ûnderwiiskoepel Noventa yn Achtkarspelen wolle har net hâlde oan de protokolen dy't Den Haag opleit. Dat seit direkteur Harrie Steenstra.
Sjoch nei de reportaazje
Direkteur Harrie Steenstra fan skoalkoepel Noventa
Neffens Steenstra binne de nijste coronamaatregels ûnwurkber. Dan hat er it bygelyks oer de ferplichting om yn fêste groepkes te wurkjen, en oer de ferskillende starttiden foar ferskillende groepen.
Yn in brief hat Steenstra ûnderwiisminister Arie Slob witte litten dat er it protokol neist him delleit.
Steenstra wol de bern graach wer op skoalle ha, seit er. De skoallen van Noventa dogge de doarren moandei wol iepen. Eventuele gefolgen binne foar syn rekken, sa seit Steenstra.
Bern op in skoalle © ANP