GGD: Testlokaasjes beheind iepen om winterwaar, prikplakken feroarje net

05 feb 2021 - 16:01

De testlokaasjes fan de GGD Fryslân binne fan snein oant en mei woansdei minder iepen, fanwege it winterske waar. De lokaasjes iepenje om 10.40 oere en geane ticht om 16.20 oere. De iepeningstiden fan de faksinaasjelokaasje feroarje net.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Alle ôfspraken dy't steane foar it testen en faksinearjen, kinne trochgean. Testôfspraken dy't foar 10.00 oere ynpleand steane op snein oant en mei woansdei, wurde yn oerlis opnij ynpland.

Wa't troch de waarsomstannichheden te let by de test- of faksinaasjelokaasje is, wurdt opfongen. Fierder bestriidt de GGD de snie en glêdens by de eigen lokaasjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)