Freedsmerk oer it ferwachte winterwaar: "It wurdt ek wol wer ris tiid!"

05 feb 2021 - 15:33

"Mei-inoar snieskowe sadat de bern dalik ris ride kinne, dêr moatte we op ta. Boppedat jout dat ek wer 'verbroedering', no?" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de ferwachting dat we écht winter krije.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De measte besikers fan de freedsmerk sjogge der bot nei út. "It wurdt ek wol wer ris tiid!", "Geweldich, sniepoppen meitsjes mei de bern!", "Moaie plaatsjes yn it snielânskip meitsje" en mear fan datsoarte opmerkingen kamen foarby.

Oare lûden

Mar net elkenien wie like optein. "As merkkeapman sjoch ik it net sitten om mei auto en grutte karre troch tweintich sintimeter snie te riden. Dat wurdt 'm net!" Oaren fertelden dat se it wol op de telefyzje sjogge. "Lekker tichteby de kachel!" en "In berch snie, dat hoecht om my net."

Dat de situaasje mooglik 'maatschappij ontwrichtend' wurdt, boeit de measten net al te bot. "Dan worden lockdown en avondklok alleen maar gemakkelijker te handhaven! Bovendien, alles is immers al ontwricht. Dan valt een beetje sneeuw wel mee."

Nostalgy

De komst fan Kening Winter ropt by in soad minsken ek nostalgyske gefoelens op. "Wy koene eartiids eins alle winters wol ride. Moai dat de bernsbern dat no einliks ek ris kinne."

Fansels kaam de sniewinter fan '79 ek geregeld foarby, mei ferhalen oer snie oant de dakgoate en it slepen fan molkbussen foar de boeren nei plakken dêr't de molkauto komme koe. Al waard ek opmurken: "1979? Tsja,dat wie wol winter. Mar '63, dat wie pas in échte!"

Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk yn Ljouwert

Trefwurden: 
freedsmerk snie winter
(Advertinsje)
(Advertinsje)