Tal nije besmettingen boppe trochsneed, lanlik ek

05 feb 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 172 coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne fjirtjin minder as tongersdei, want doe wienen it 186. De ôfrûne wike wurde gemiddeld alle dagen 167 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Ljouwert (35). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (29) en Tytsjerksteradiel (21). Yn Tytsjerksteradiel stiet it ferpleechhûs Berchhiem, dêr't in grutte corona-útbraak is.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en Smellingerlân.

Der is ien Fries it sikehûs yn rekke mei corona, dat is in ynwenner fan Eaststellingwerf.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 4.365 coronagefallen fêststeld. Gemiddeld is dat 3.904 de ôfrûne wike.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)