Den Haag seit: Definityf gjin wedstriden op natueriis

05 feb 2021 - 16:12

Der komme yn de kommende froastperioade gjin reedrydwedstriden op natueriis. Dat meldt de KNSB nei oanlieding fan de parsekonferinsje fan premier Rutte. It kin net, fanwege de coronamaatregels.

Foto: ANP

Willem Hut (KNSB)

It reedrydbûn begrypt it beslút út Den Haag. "We hebben een enorme passie voor de schaatssport, zeker als er natuurijs in aantocht is," seit direkteur Remy de Wit fan de KNSB. "Maar wij zien uiteraard ook het grotere belang van de volksgezondheid en de noodzaak om deze coronapandemie zo snel mogelijk een halt toe te roepen."

Ien dei earder hope de KNSB noch in útsûndering te krijen fan it ministearje, sei kompetysjelieder Willem Hut, mar dat giet dus net troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)