Corona-útbraak by lokaasjes handicaptesoarch yn Kollum

05 feb 2021 - 13:48

Der binne ferskate coronabesmettingen by lokaasjes fan handicaptesoarch Talant yn Kollum. Talant is ûnderdiel fan soarchgroep Alliade. It giet om de fêstigingen De Hammeren en de Van Bootsmalaan. Ferskate kliïnten en meiwurkers fan de handicaptesoarch binne besmet.

Lokaasje fan Talant yn Kollum - Foto: Google Street View

It is net dúdlik hoefolle besmettingen oft der krekt binne, mar alle besmettingen binne dizze wike fêststeld. Ferskate besmette kliïnten binne oerbrocht nei it covid-hûs yn Drachten, in spesjaal gebou dat coronapasjinten opfangt. Der wurdt op it stuit boarne- en kontaktûndersyk útfierd.

Omdat in soad personiel útfalt, wurde ynfalkrêften ynset.

Besite is net mear wolkom op de lokaasjes dêr't de besmette bewenners sitte. By fêstigingen fan Talant oan De Eskenstraat en de Gruttostraat yn Kollum binne noch gjin besmettingen fêststeld. Dêr jilde noch de gewoane besiteregels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)