FNV wol alle soarchmeiwurkers heger op faksinaasjelist: "Zorg moet overeind blijven"

05 feb 2021 - 13:36

Al it soarchpersoniel moat heger op de list foar faksinaasje komme. Dat fynt FNV Zorg & Welzijn. De soarch hat it dreech yn dizze coronatiid en yn sikehuzen binnen en bûten Fryslân rinne de wachtlisten foar operaasjes op. Sa wachtsje yn it MCL yn Ljouwert tûzenen minsken op in operaasje. Ek binne der ferskate corona-útbraken by Fryske soarchynstellingen, dêr't soarchmeiwurkers by besmet rekke binne.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De FNV fynt de situaasje ûnbegryplik en hat minister Hugo de Jonge oproppen om faksinaasje fan soarchmeiwurkers yn bygelyks de handicaptesoarch en wykferpleging net wer út te stellen.

Bestjoerder Saida Youssef fan FNV Zorg & Welzijn: "De zorgmedewerkers stonden als eerste op de lijst om gevaccineerd te worden, maar helaas zijn we inmiddels in februari en zijn ze nog niet gevaccineerd. Het blijft ons verbazen dat de zorgmedewerkers keer op keer ergens onderaan bungelen. Vorig jaar met de beschermingsmiddelen en nu met de vaccinatie."

Zonder handjes aan het bed kunnen we dat bed niet meer verzorgen.

Saida Youssef, bestjoerder fan FNV Zorg & Welzijn

It bûn besiket neffens Youssef oan alle kanten druk út te fieren, sadat it soarchpersoniel sa gau as mooglik yninte wurdt. Dat is hurd nedich, want it personiel hat de ein yn 'e bek en it syktefersom is yntusken goed 10 persint, seit se. "Op een of andere manier dringt het niet door hoe belangrijk deze mensen zijn. Zonder handjes aan het bed kunnen we dat bed niet meer verzorgen."

De faksinaasjestrategy moat oanpast wurde, fynt se, oars bliuwt de soarch net oerein. "Linksom, rechtsom, ergens moet je toch een keuze maken en zorgen dat je de middelen hebt dat je aan alle kanten de boel gaat vaccineren. Want op deze manier gaan we het niet redden."

Bestjoerder Saida Youssef fan FNV Zorg & Welzijn

(Advertinsje)
(Advertinsje)