Trije partijen yn Eaststellingwerf fusearje ta ien partij

De lokale fraksjes fan StellingwerfPLUS, Wij Lokaal en Ter Heide yn de gemeente Eaststellingwerf sille fusearje. De trije partijen hawwe, mei it each op de gemeenteriedsferkiezings fan 2022, besletten de krêften te bondeljen.
De riedseal fan Eaststellingwerf © Lourens Looijenga
De ôfrûne perioade binne yn Eaststellingwerf ferskate riedsleden út ûnfrede fuortgien by harren partij. By de grutste partij, OoststellingwerfsBelang, binne yntusken fiif fan de sân sittende riedsleden, en ek de listlûker en earder wethâlder, opstapt. Riedslid Simon ter Heide ferliet dêrneist de PvdA.
Om fierdere fersplintering foar te kommen, is besletten ien sterke lokale politike partij te foarmjen rjochting de gemeenteriedsferkiezings fan 2022. Dêrby moat de politike kennis en ûnderfining behâlden wurde. Sûnt maart 2020 waarden dêr petearen oer fierd, op inisjatyf fan Jenne Hummel en Niels van den Berg fan OoststellingwerfsBelang.

Sûnder OoststellingwerfsBelang

Ter Heide hat foarich jier ynventarisaasjepetearen fierd mei alle lokale fraksjes. Nei de simmermoannen waard lykwols dúdlik dat OoststellingwerfsBelang him net oanslute woe by de plannen, wêrnei't Van den Berg en letter ek Hummel ôfheakken as riedslid foar de partij. Eventueel nimt de partij yn de takomst wol diel oan de gearwurking.