Minder ôffearten fan en nei Skylge fanwege leech wetter en hurde wyn

05 feb 2021 - 11:52

Yn ferbân mei leech wetter yn kombinaasje mei hurde wyn ferfalle sneon ferskate ôffearten fan rederij Doeksen fan en nei Skylge.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De tsjinst fan Harns nei Skylge om 15.05 oere wurdt ferpleatst nei 16.35 oere.

De tsjinsten fan Skylge nei Harns om 17.30 oere en fan 19.45 oere fan Harns nei Skylge komme beide te ferfallen.

De oare ôffearten farre konform de tsjinstregeling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)