Wat mei wol en wat mei net op natueriisbanen?

11 feb 2021 - 11:47

Wat mei wol en wat mei net by it reedriden op in natueriisbaan? De Veiligheidsregio Fryslân hat in protokol opsteld foar alle reedrydleafhawwers en iisklups. Dêryn wurdt útlein wat der mooglik is mei de jildende coronamaatregels.

Foto: ANP

De natueriisbanen meie iepen, mar dêr binne wol regels oan ferbûn. Sa is rekreatyf reedriden tastien foar elkenien, mar meie der gjin wedstriden hâlden wurde foar folwoeksenen. Minsken fan alle leeftiden kinne gebrûk meitsje fan de iisbanen. Under de 18 jier mei dat yn groepen, dêrboppe allinnich mei syn twaen op oardel meter ôfstân.

Coronakoördinator

Hoefolle minsken op in iisbaan meie, hinget ôf fan hoe grut oft de baan is. De feilichheidsregio advisearret de iisklups om saneamde 'coronakoördinatoaren' oan te stellen, dy't de drokte yn de gaten hâlde en de baan slute kinne as it te drok wurdt.

Klaaikeamers en kantines bliuwe ticht. Iten en drinken ôfhelje by in 'koek & zopie' mei wol, mar altyd neffens de coronamaatregels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)