Giet it wol of net oan? Akkrumer iisferiening Foarút rist him ta op winterwaar

05 feb 2021 - 11:08

It bytsje iis dat begjin dizze wike noch op de Fryske iisbanen lei, is yntusken fuortraand. Mar mei winterwaar op komst, hawwe de iisbanen goede hoop dat der takom wike wer ris echt riden wurde kin. Allinnich snie soe noch roet yn it iten smite kinne. Want snie en iis, dat is gjin goede kombinaasje, fertelt foarsitter André Tanis fan iisferiening Foarút (yn 1862 oprjochte ûnder de namme Voaruwt) yn Akkrum.

De iisbaan yn Akkrum hat der nocht oan

Der is no noch gjin iis te bekennen op de iisbaan fan Akkrum. Oft der riden wurde kin, hinget folslein ôf fan hoe soad snie der falt en wannear. Foarsitter André Tanis fan Foarút: "We hoopje dat as der snie komt de baan noch net beferzen is. Dan giet de snie wol it wetter yn."

As de snie lykwols boppe-op it iis komt te lizzen, is it in oar ferhaal. Tanis: "Dan kinne we net mei de masines feie. Dan moat it hânmjittich en dan moatst wol witte oft it iis it hâldt." As it echt min tsien friest en de temperatuer oerdeis net boppe it friespunt útkomt, binne der neffens Tanis mar twa nachten froast nedich om in geskikte iislaach te krijen. "Dan komt it wol goed."

Foar no is it lykwols ôfwachtsjen. "We kinne no noch neat", seit bestjoerslid Sjirk de Vries. "As it aanst sa fier is, moat der snie fage wurde. Mar dan moat der earst wol sa'n seis, sân sintimeter iis lizze." Trije jier lyn wie de iisbaan fan Akkrum foar it lêst iepen. De Vries: "Mar dat wie mar in pear dagen." Om't it iis tin wie, moast der doe in kar makke wurde yn wa't der it iis op mocht: bern wol, mar âlden net.

Dit jier moat der ek in seleksje makke wurde, mar dan om in hiele oare reden: it coronafirus. "We moatte soargje dat der net te folle minsken op de baan komme en miskien wol yn blokken wurkje." Wat Foarút-bestjoerslid Astrid van der Veen oanbelanget, hawwe bern dit jier foarrang. "Dy hawwe al hiel lang net ride kind en dy moatte we de kâns jaan om it iis op te kinnen."

Protokol

Yntusken hat Veiligheidsregio Fryslân in protokol opsteld foar reedride op de natueriisbanen. Minsken fan alle leeftiden meie it iis op. In iisbaan kin fansels ek net sûnder de 'koek en zopie', mar gearkloftsje mei net. Yn it protokol stiet dat sa'n kreamke wol gewoan mei, mar minsken moatte dan ôfstân hâlde.

André Tanis, Sjirk de Vries en Astrid van der Veen fan iisferiening Foarút

Sytse Kroes fan it Frysk IIsbûn (De Friesche IJsbond) hâldt de waarûntwikkelings ek nau yn 'e gaten. It bûn set him al sûnt 1886 yn foar it belang fan riden op natueriis op kanalen en fearten. "Wichtich is dat wy in draaiboek hawwe foar hoe't wy omgean mei oanhâldende froast", leit Kroes út.

Sytse Kroes fan it Frysk IIsbûn - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Hy stiet ek yn direkt kontakt mei Wetterskip Fryslân. Dat moat aanst de gemalen útsette sadat der minder wetter is en it iis de romte krijt om oan te groeien. Mar earst moat der wetter fuortpompt wurde. "Der is in protte wetter fallen de ôfrûne perioade. It Wetterskip is drok dwaande om dat fuort te krijen. Hoe mear wetter as we no fuortkrije, hoe minder lêst we dêr aanst fan hawwe."

Foar goed iis op kanalen en fearten moat it neffens Kroes wol fjirtjin dagen frieze foar't derop riden wurde kin. "We moatte ús no maksimaal ynsette, sadat we der klear foar binne, mocht it sa fier wêze", seit Kroes.

Sytse Kroes fan it Frysk IIsbûn en André Tanis

(Advertinsje)
(Advertinsje)