Wethâlder Jouke Douwe de Vries net keazen ta lokale bestjoerder fan 2020

Wethâlder Jouke Douwe de Vries fan de gemeente Noardeast-Fryslân is net de bêste lokale bestjoerder fan it ôfrûne jier wurden. De organisaasje fan de ferkiezing 'Beste lokale bestuurder 2020', it platfoarm Binnenlands Bestuur, makke de útslach tongersdei bekend. De titel gie nei wethâlder Johan Hamster fan de Grinzer gemeente Stadskanaal.
© Twitter, Jouke Douwe de Vries
Fan alle provinsjes wie in bestjoerder nominearre, foar Fryslân wie dat dus Jouke Douwe de Vries. Opfallend wie dat der, yn in jier dat boargemasters tige wichtich wiene, gjin inkelde boargemaster nominearre wie.