Wetterskip stekt twa miljoen yn ferbreedzjen sleatten yn polders Warkum

05 feb 2021 - 10:18

Wetterskip Fryslân ynvestearret twa miljoen euro yn it ferbreedzjen fan de sleatten yn de polders Wurdumer Nijlân, Hemriksein Zwerver, Offerhaus en Warkumer Nijlân yn de omjouwing fan Warkum. Sa wurdt de skea troch wetteroerlêst en drûchte as gefolch fan klimaatferoaring beheind. De wurksumens duorje nei ferwachting oant july 2021.

It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

It wetterskip set útein mei it projekt Klimaatrobuuste Polders, wêrby't ferskate sleatten yn in fjouwertal polders ferbrede wurdt. Sa ûntstiet der ekstra wetterberging. By de ferbrede sleatten lit it wetterskip wetterplanten groeie dy't de ekologyske wetterkwaliteit ferbetterje. Dêrneist fiert it wetterskip ferskate oare wurksumens út, lykas it opheegjen fan perselen, om it wettersysteem takomstbestindich te meitsjen.

Beskerme tsjin wetteroerlêst

Sa hâldt Wetterskip Fryslân it wetter yn de fjouwer polders skjin en is de streek better beskerme tsjin wetteroerlêst by ekstreme delslach en en wettertekoarten yn drûge perioaden troch klimaatferoaring. Hjirmei foldocht it wetterskip ek oan de doelen foar skjin wetter fan de Europese Kaderrichtlijn Water.

De oannimmer is yn jannewaris úteinset mei de earste wurksumens. De polder Wurdumer Nijlân is as earst oan bar. Dy wurdt fan jannewaris oant en mei april ûnder hannen naam. Fan febrewaris oant en mei maart wurdt der wurke oan Offerhaus, fan febrewaris oant en mei juny oan Hemriksein Zwerver. De wurksumens oan Warkumer Nijlân binne fan april oant en mei juny; in part dêrfan wurdt dien troch de grûneigeners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)