LDODK-trainer Henk Jan Mulder nei dit seizoen fuort

05 feb 2021 - 09:43

Henk-Jan Mulder nimt nei dit seizoen ôfskied as trainer fan kuorbalklup LDODK. Syn kontrakt rint ôf en hy ferlinget dat net. Mulder is op it stuit dwaande oan syn fjirde seizoen by de Gordykster kuorballers.

Henk-Jan Mulder fan LDODK - Foto: Orange Pictures

It is better om nei dit seizoen net fierder te gean, hat Mulder tsjin it bestjoer sein. "LDODK is een fijne en zeer goed geleide club en het onlangs door de spelersgroep uitgesproken vertrouwen deed mij natuurlijk goed. Het viel dan ook niet mee om dit besluit te nemen", seit er op de webside fan de klup.

It bestjoer respektearret it beslút fan Mulder, mar fynt it wol spitich. "De geluiden uit de spelersgroep waren nog steeds positief", seit bestjoerslid Jan Sjoerd Pool. "Wij hadden nog wel een jaar door willen gaan." Neffens Pool is Mulder in geweldige trainer. "Hij is een echte spelverbeteraar. Dat is ook de ervaring van de spelers waar hij mee werkt. Henk Jan slaagt er steeds opnieuw in om uitdagende trainingsvormen te bedenken."

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Henk-Jan Mulder
(Advertinsje)
(Advertinsje)