Kollum: "Lavearje en soms foar de wyn"

05 feb 2021 - 08:39

"Doe't ik lêst in pakketsje retoer stjoere woe by in Primera wie hast alles yn 'e winkel ôfsetten mei lint, mar in pear rekken mei kaarten net. Tafallich hie 'k in kaart nedich, dus ik socht in hiele moaie út. It die bliken dat dy net te keap wie, want se meie allinnich pakketsjes ôfhannelje en postsegels ferkeapje.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Mar de supermerk oan de oare kant fan de strjitte mei wol pinnen, papier, kranten, kaarten en boeken ferkeapje, dus fan sa'n maatregel begryp ik hielendal neat. It sil wol hiel goed betocht wêze troch in pear knappe koppen, mar as ûndernimmer bist moai de lul. En dit is net it iennichste gefal dêr't ik de logika net fan ynsjoch.

De fysioterapeut kin my wol oan 'e bealch sitte, mar in Body en Stress Release-terapeut of in kapper mei dat net. Ik fyn it freeslik foar alle bedriuwen dy't op 't slot sitte, mar wit ek net wat wiisheid is yn dit gefal. It iennichste dêr't ik wis fan bin, is dat we allegear in oare realiteit hawwe yn dizze nuvere situaasje. Dêrtroch hawwe wy ek in oare miening en dat makket it bytiden hiel dreech.

Ik ha alris earder neamd dat de oerheid it noait goed dwaan kin foar elkenien mar dat betsjut net dat ik fyn dat se alles goed dogge. Ik ha echt wol myn betinkingen hjir en dêr, mar besef my tagelyk dat myn miening de safolste is. Myn werklikheid is op dit momint ek hiel oars is as it foarútsjoch fan immen dy't bygelyks op de IC leit en de bakkers en slachters ha it gâns drokker as de kroechbaas mei in lege bar.

De bern dy't te krijen hawwe mei húslik geweld ha oare problemen as de jongerein dy't it smoar yn ha omdat se al skoften net mear op stap kinne. Dêrtsjinoer steane wer minsken dy't dizze perioade krekt hiel posityf fine. Dy sizze dat it wolris goed is dat we allegear in stap tebek dwaan moatte. Want sa bewize we de natuer mar ek ússels in tsjinst, troch net mear as in stel healewizen yn it rûn te jakkerjen. It is hielendal net slim as de jeugd net altyd mear sûpe en feestfiere kin, want it gong fiersten te mâl!

Sa binne der yn ús lytse lân miljoenen minsken dy't op har eigen wize troch dizze sitewaasje lavearje. En wylst de iene de wyn yn 'e seilen hat, komt de oar net in meter foarút. Hjir en dêr falle der ek lju oerboard en hooplik krije dy help of rêde se it op nei de wâl te swimmen. Mar dochs sille guon ek doelleas dobberjen bliuwe of spitigernôch kopke ûnder gean.

We rêde it neffens my as mienskip allinnich op as we elkoar fan de wâl út de sleat helpe, yn stee fan oarsom en ús eigen ferantwurdlikheid nimme. Ast echt fynst dat de oerheid der in soadsje fan makket, dan moatst miskien yn 'e polityk gean en besykje it better te dwaan. Ast der wis fan bist dat it gros fan de media liicht, begjin dan sels in kommunikaasjekanaal wat dy nei't sin is. En ast dy soargen makkest oer de komplotteoryen oangeande it boek fan dy Klaus Schwab, lês it dan earst ris hielendal út.

Miskien is it boppesteande ek wol wier hear, mar ik wit it net. Wat ik wol wit, is dat ik sels bepale kin hoe't ik op de measte omstannichheden yn de wrâld reagearje. En op dit momint kies ik der foar om myn seinigingen te tellen en moed te hâlden, mar dat nimt net wei dat ik in protte dingen net begryp."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)