Tal besmettingen nimt fierder ôf, mar net yn Tytsjerksteradiel

Der binne de ôfrûne sân dagen yn Fryslân 1.181 coronabesmettingen fêststeld. Dat binne wer goed hûndert minder as ferline wike, doe wiene it der 1.310. Net yn alle gemeenten giet it de goede kant op: yn Tytsjerksteradiel binne dizze wike de measte besmettingen, omrekkene nei it tal bewenners. En it tal stjergefallen yn ús provinsje bliuwt ek heech: 30, dat is mear as oait tefoaren.
Berchhiem yn Burgum © Noordernieuws.nl / De Vries Media
Wylst it tal besmettingen yn syn gehiel dus nei ûnderen giet, jildt dat net foar alle gemeenten. Yn ús grutste gemeente, Súdwest-Fryslân, binne de ôfrûne wike 217 besmettingen meld. Dat binne 14 mear as in wike lyn. Dêrnei komt Ljouwert: dy giet fan 178 nei 155.

Relatyf measte besmettingen yn Tytsjerksteradiel

Op plak trije en fjouwer komme twa gemeenten dy't in slach lytser binne: Tytsjerksteradiel mei 121 en Achtkarspelen mei 105. Foar Achtkarspelen is dat in flinke delgong, dêr wiene it ferline wike noch 151. Omrekkene nei it tal ynwenners wiene der yn Achtkarspelen sels de measte besmettingen fan alle Nederlânske gemeenten: 539 op 100.000 minsken. Dizze wike wie dat 377. Dat is noch wol altyd heech, ferlike mei it trochsneed.
Yn Tytsjerksteradiel is in dúdlike groei yn it tal besmettingen te sjen. Ferline wike wiene dêr noch 87 besmettingen, dizze wike dus 121. Omrekkene is dat 378 besmettingen op 100.000 minsken. Foar in grut part falt dat te ferklearjen troch de útbraak yn it Burgumer ferpleechhûs Berchhiem: dêr binne yn totaal mear as tachtich besmettingen.
It wiene ôfrûne wike benammen santichplussers dy't besmet rekken mei it coronafirus. It oantal minsken yn dy leeftydskategory dat siik waard, naam mei fjirtich persint ta. Ek dat hat te krijen mei de besmettings yn ferpleech- en fersoargingshûzen. Dêr hat de GGD yntinsyf en previntyf test.

Provinsjaal ûnder 200 deis

Yn Fryslân waarden de ôfrûne wike gemiddeld 169 besmettingen deis meld. Ferline wike lei dat sifer noch op 186.
Mei de 1.181 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 22.101 Friezen it coronafirus fêststeld.
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.
Noch noait waarden yn ien wike safolle stjergefallen meld as de ôfrûne wike: it wiene der 30, ien mear as ferline wike. It wol net sizze dat al dy stjergefallen ek echt yn de lêste wike wienen. Somtiden wurde dy sifers pas letter trochjûn.

Protte stjergefallen yn ferpleechhûzen

Dat it stjertesifer de lêste wiken sa heech leit, komt trochdat it firus yn guon ferpleechhûzen bot om hin hinne grypt. Noch noait waarden mear stjergefallen yn ferpleechhûzen meld as yn de lêste wike fan jannewaris bygelyks.
It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 286. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt.

Besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0

Faksins

GGD Fryslân hat ôfrûne wike 2.275 soarchmeiwurkers en 2.485 thúswenjende 85-plussers faksinearre. Foarige wike wiene dat der respektyflik 2.500 en 500. Yn totaal hat GGD Fryslân no sa'n 10.000 prippen set.
Takom wike stean eltse dei 325 faksinaasjes foar de ferpleechhûssoarch op it programma en goed 700 foar thúswenjende âlderein. Om't in soad 85-plussers noch gjin ôfspraak makke hiene, is der no ek romte foar selsstannich wenjende minsken fan 80 oant 85 jier. Sy kinne as iennichsten ek sûnder útnûgingsbrief fan it RIVM in ôfspraak meitsje.

Tests

De ôfrûne wike binne yn Fryslân 7.866 tests ôfnaam. Sa'n 600 minder as foarige wike. It fynpersintaazje wie dizze wike 11 persint, in persint leger as in wike earder.