Wethâlder Berends mei troch; gemeenteried wol totaalplan ferkeap gemeentehûs Kollum

04 feb 2021 - 23:08

Ferantwurdlik wethâlder Theo Berends (ChristenUnie) fan de gemeente Noardeast-Fryslân hat tongersdeitejûn in moasje fan wantrouwen oerlibbe, nei in riedsbreed oannommen moasje om in totaalplan op te leverjen foar in nije ferkeapproseduere oangeande it Kollumer gemeentehûs.

Foto: RTV NOF. Ben de Jager

Twa partijen (yntsjinner ELP NEF en stypjend Actief Links Lokaal) stimden foar de moasje fan wantrouwen, de rest fan de gemeenteried stimde tsjin. Wethâlder Berends bea syn ekskuzen oan út namme fan de gemeente rjochting Fotocadeau, KMS Beheer en Bulten Vastgoed.

Meardere partijen - Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân, S!N, FNP, Actief Links Lokaal, PvdA, VVD en GROENNOF - tsjinnen nei it ynterpellaasjedebat in saneamde moasje frjemd yn. Yn dizze moasje ropt men it kolleezje op om de ferkeap fan it gemeentehûs Kollum foarearst út te stellen om de ried in totaalplan foar te lizzen foar de ferkeap fan it gemeentehûs en it ferpleatsen fan de gemeentewerf en de takomst fan in loketfunksje yn Kollum. Dêrneist wolle de partijen in 'goed' bidbook en moat elkenien dy't belangstelling hat fan deselde ynformaasje foarsjoen wurde.

Gjin beheiningen

Dêrneist wol de gemeenteried dat by tuskentiidske ferhier fan in part fan it gemeentehûs, dit net in negative ynfloed ha mei op de priis by takomstige ferkeap fan it pân. Ek ropt de ried it kolleezje op om gebrûk te meitsjen fan de ekspertize fan in ekstern bedriuw, om it gebou te ferkeapjen. Ta beslút moatte der gjin beheiningen oplein wurde by de ferkeap, in wenfunksje moat dus ek mooglik wêze.

Wethâlder Berends spruts út namme fan it kolleezje út dat er de moasje 'graag omarmt'. Dêrneist waard troch de wethâlder ekskuzen makke foar de hiele gong fan saken by de ferkeap. Ek waard fuortendaliks tasein dat der 'pas op de plaats in tijd' makke wurdt wat in nije ferkeapproseduere oanbelanget. Oer it - noch altyd net beäntwurde - WOB-fersyk, yntsjinne troch Bulten Vastgoed wie Berends ek dúdlik. "Een dezer dagen zal er antwoord volgen." S!N-riedslid Keizer joech wol oan dat dit in folgjende kear maklik foarkaam wurde kin. "Keppelje dat werom nei de yntsjinner, no krije wy fragen oer dat fersyk." Berends naam ek dizze goede ried oan.

Moasje fan wantrouwen

Wethâlder Berends skrok fan de moasje fan wantrouwen, dy't yntsjinne waard troch Talsma fan ELP. "Dat het vertrouwen van aantal partijen en aantal inwoners weg is, dat is niet best. We zullen ons stinkende best doen om weer het gesprek aan te gaan." It rekke de wethâlder bot: "Het komt hard aan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)