Jillert Anema: "Ik ha in soad respekt foar de fakman Sven Kramer"

04 feb 2021 - 22:30

Sân Fryske reedriders dogge mei oan it wrâldkampioenskip ôfstannen, dat fan tongersdei 11 febrewaris oant en mei 14 febrewaris plakfynt yn it Thialf-stadion op It Hearrenfean. Se libje oer it algemien al wiken yn in bubbel. Sa ek coach Jillert Anema. Ut syn hotel wei praat er yn dizze SportCast mei oer it kommende WK. Jesper Hospes is ús hûs-analytikus en hy sjocht tegearre mei presintator Roelof de Vries foarút op it toernoai. Ek belje we efkes mei Arjan Stroetinga.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer bygelyks it reedriden.

Mei coach Jillert Anema en sprinter Jesper Hospes behannelje we alle ôfstannen. Foar elke ôfstân foarsizze de manlju de winner. "Op de 500 meter wint Femke Kok", sa seit Hospes. "Dat tink ik ek", ferfolget Anema. "Femke ha we noch besocht yn ús team te krijen. Se is echt in bysûndere rydster." Hospes: "It is spitich dat se net ek de 1.000 meter ride mei. Oer in pear jier is se ek allround sa goed, dat se eltsenien ferslacht." Anema: "Se moatte allinnich wol foarsichtich mei har omgean."

Oer de 5000 meter by de manlju twivelje se. "Roest is goed, mar lit it op beslissende mominten noch wolris lizze", sa seit Anema. "Dus Roest moat minder ride en Kramer en Bergsma moatte better ride." Anema sjocht Nils van der Poel as gefaarlike outsider. Roest ried twa wiken lyn noch in baanrekôr yn Thialf fan 6.05,14. "Mar as je sa as Van der Poel al 6.08 ride kinne, dan kinne je Roest dus ferslaan. En as Bergsma de perfekte rit rydt, dan rydt hy ek 6.08."

Trije kear Sven Kramer opstelle

Oer de ploege-efterfolging binne Anema en Hospes it net iens. Hospes: "Ik tink Noarwegen." Anema gokt op Nederlân. Foaral omdat hy Sven Kramer de bêste ploege-efterfolgingsrider fan de wrâld fynt. "As ik de ploech gearstalle mocht, dan stelde ik Sven Kramer op en soe ik him freegje mei wa't hy ride soe. Eins soe ik trije kear Sven Kramer opstelle wolle en mear net."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)