Stichting Reddevloot smyt rêdingsboei nei brune float yn Harns

04 feb 2021 - 22:26

In nije stichting mei de namme Reddevloot moat de skippers fan de brune float yn Harns helpe. De stichting is dizze wike yn it libben roppen om ûnder oare jildpotten te finen. Dat is seker yn dizze tiid hurd nedich, seit foarsitter Paul Scheffer fan de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen. "De schippers hebben al bijna een jaar niet gevaren en vrijwel niets verdiend. En we zijn er nog niet."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Scheffer hat geregeld kontakt met de santich skippers fan de Harnzer brune float. Se lizze oan wâl en de kosten geane troch. "Het is in de eerste plaats een trotse groep die niet snel de problemen op tafel legt. Aan de andere kant hoor je van hun boekhouders dat het echt heel serieus is en dat sommige schippers een bijbaantje hebben om hun boodschappen te kunnen doen. Hun toekomst is onzeker. Maar ze hebben wel hun leven eraan verpand, soms met hele zware financieringen."

"Nog geen cent gezien"

Yn augustus kaam it kabinet mei in needfûns foar de histoaryske skippen. Der waard 15 miljoen euro reservearre. "Maar we hebben nog geen cent gezien", seit Scheffer. "Daar wordt nog steeds over gesproken. Het was vrij snel duidelijk wat de Nederlandse bruine vloot met 250 schepen zou krijgen, maar er kwamen steeds meer gegadigden die zich meldden voor deze pot geld. Gevolg is dat Den Haag nog niet klaar is met welke schepen ze nou precies bedoelen voor dat noodfonds."

Spesjaal bier

Yn de tuskentiid is der fan alles betocht om jild op it kleed te krijen. Sa is der in spesjaal bier broud met de namme Red de Vloot. Dêr is 12.000 euro mei ophelle. "Het is de taak van de nieuwe stichting om dat geld eerlijk onder de schippers te verdelen."

Foarsitter Paul Scheffer fan de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen

(Advertinsje)
(Advertinsje)