Wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert krijt 1,7 miljoen euro subsydzje foar projekt

It wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert hat 1,7 miljoen euro Europeeske subsydzje binnenhelle foar it projekt EMPOWER. Dêryn krije nije wittenskippers in oplieding mei ekstra omtinken foar it ûndernimmerskip.
Wetsus yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It projekt set útein op 1 jannewaris 2022 en duorret fiif jier. It is de bedoeling dat der fjirtjin nije ûndersikers fûn en oplaat wurde mei it jild út de subsydzjepot.
Earder helle Wetsus mei partners al trije oare Europeeske projekten binnen, yn totaal goed foar 3,7 miljoen euro oan Europeeske finansiering.