Groenewoud, Bergsma en Stroetinga ride massastart op WK; Anema coacht

04 feb 2021 - 20:49

Arjan Stroetinga, Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud binne selektearre foar it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Thialf op It Hearrenfean. Bûnscoach Jan Coopmans hat de trije oanwiisd foar it ûnderdiel massastart. Groenewoud rydt mei Irene Schouten. Coopmans is der nije wike net by, omdat syn frou yn it sikehûs leit. De coaching op it WK wurdt oernaam troch Jillert Anema. Dat makke Anema bekend yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

Foto: Orange Pictures

Jorrit Bergsma en Irene Schouten rieden ek de twa wrâldbekers en wiene al sa goed as wis fan in plak. Groenewoud ried ien wrâldbeker. De oare wie foar Melissa Wijfje, mar Coopmans hat keazen foar Groenewoud. Beide kearen wûn Schouten.

Foto: Orange Pictures

By de manlju ried Bergsma de earste wrâldbeker mei Stroetinga. De no 39-jierrige Stroetinga wûn dy wrâldbeker troch yn de sprint de sterkste te wêzen. De twadde wrâldbeker ried Bergsma mei Victor Ramler. Bergsma ried doe by de rest wei en wûn solo de wedstriid.

It WK ôfstânnen is fan tongersdei 11 febrewaris oant en mei snein 14 febrewaris. De massastart is sneon 13 febrewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)