Lêste wike jannewaris measte stjergefallen yn ferpleechtehuzen

04 feb 2021 - 19:55

Sûnt it begjin fan de twadde coronaweach binne ferline wike, yn de lêste wike fan jannewaris, de measte stjergefallen yn de Fryske ferpleechhuzen meld. Dy wike binne der yn totaal 15 meldingen kaam dat bewenners fan de ferpleechhuzen ferstoarn binne oan it coronafirus. Dy konklúzje lûkt Omrop Fryslân op grûn fan sifers fan it RIVM.

Foto: Ben de Jager, RTVNOF

Oer in perioade fan de lêste trije moanne binne der hieltyd mear minsken stoarn yn in ferpleechhûs. It totale oantal is yntusken oprûn oant 103 sûnt begjin novimber.

Ek de besmettingen by de meiwurkers en it personiel wurde hieltyd mear. Yn totaal binne der 2451 besmet rekke, wêrfan 1150 bewenners en 1301 meiwurkers.

As wy de wike sjogge nei in oandiel fan de besmettingen yn de ferpleechhuzen fergelike mei it totaal yn Fryslân dan sjogge we dat yn novimber ferline jier en yn de lêste wike fan jannewaris der in flinke pyk west hat yn it tal besmettingen. It giet beide kearen om mear as 20 persint fan it tal besmettings. Yn novimber wie dat sels 27 persint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)