Tjeerd van Bekkum wurdt nije saaklik lieder CityProms

04 feb 2021 - 18:40

Tjeerd van Bekkum wurdt de nije saaklik lieder fan it klassike festival CityProms. It jierlikse festival in Ljouwert is in fergees evenemint en lûkt al jierren tsientûzenen besikers. Van Bekkum hat grutte ûnderfining yn de kulturele wrâld; hy is ek foarsitter fan it Oranjewoud-festival en wie oant septimber 2019 direkteur fan LF2018.

Foto: Gemeente Smellingerlân

Van Bekkum sjocht de takomst by CityProms posityf yn. "We hebben een goed gesprek gehad over het festival en de toekomst, dat staat gewoon als een huis. Daar wil ik graag aan meedoen.

De Drachtster, dy't oant 2017 boargemaster fan Smellingerlân wie, stapt troch de coronakrisis yn in nuvere tiid yn by it festival. "Iedereen die daar aan meedoet beseft dat, ook ik .De voorbereidingen gaan gewoon door Je hoopt toch wel dat je het dit jaar kan organiseren. Qua financiën doet de provincie het fantastisch goed, door goeie zekerheden te geven."

Van Bekkum fynt it wichtich dat de wurksumens by it festival trochgean bliuwe. "We willen wel behouden wat we hebben opgebouwd. Als je nu stopt, gaan mensen ook weg. Dan moet je helemaal opnieuw beginnen."

Tjeerd van Bekkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)