Fryske bedriuwen faak te lyts foar lanlike coronastipe, FNP wol dat provinsje yn aksje komt

04 feb 2021 - 18:07

De lanlike stipe foar troffen bedriuwen troch de coronakrisis slút net goed oan by de situaasje yn Fryslân. Dat seit de FNP-fraksje yn Provinsjale Steaten. Dan giet it bygelyks om de regeling dat in bedriuw stipe kriget as it op syn minst trijetûzen euro fêste lêsten yn de moanne hat. In soad bedriuwen yn Fryslân komme dêr net oan ta, omdat se net grut genôch binne.

Bedriuweterrein op Flylân - Foto: Google Street View

De middelgrutte en lytsere bedriuwen hawwe wol bot lêst fan de krisis. Neffens de FNP hat de provinsje de lêste tsien jier trijehûndert miljoen euro ynvestearre yn de sektor midden- en lytsbedriuw. It soe skande wêze as it foar in soad bedriuwen om 'e nocht west hat. De FNP freget Deputearre Steaten om op te kommen foar sokke Fryske bedriuwen dy't yn de problemen sitte.

Frysk coronapakket

De partij wol fierders dat ek it eigen Fryske coronahelppakket hifke wurdt. "Wat hawwe ûndernimmers yn de hoareka oan in baristatraining of oan in kursus enerzjybesparring as se net ynvestearje kinne en de jildstream opdrûget? Wat kinne Deputearre Steaten dwaan om regelingen better oanslute te litten op it lytsskalige MKB?" De FNP wol graach in evaluaasje sjen fan de besteande provinsjale coronaregelingen foar it bedriuwslibben.

(Advertinsje)
(Advertinsje)