MCL oer wachttiden operaasjes: "We zitten in het oog van de storm"

04 feb 2021 - 17:53

Mei mear as fjouwertûzen minsken op de wachtlist foar operaasjes en in oankommende tredde coronaweach, is de druk op it MCL grut. It personiel op de operaasjekeamer wurket hurd om efterstannen fuort te wurkjen en dêrom iepenet it sikehûs dizze wike noch twa ekstra operaasjekeamers.

Lange wachttiden operaasjes by MCL

"We denken dat we nu in het oog van de storm zitten", fertelt Tammo Brouwer, dy't de operaasjekapasiteit fan it sikehûs oersjocht. Hy hat it oer de coronabesmettingen dy't weromrinne. Yn it sikehûs lizze dêrom minder covidpasjinten en is der op dit stuit mear romte foar operaasjes.

Mar it moat wol gau, want ein febrewaris wurdt wer in nije weach ferwachte troch de Britske fariant fan it coronafirus. Brouwer is him hjir ek hiel bot fan bewust.

Foto: omrop fryslan

Yn ferliking mei de earste weach, is der no wol struktuer yn it sikehûs. Brouwer ferliket it mei in spultsje dat spile wurde moat, dat se no mear ûnder de knibbel hawwe as hjirfoar.

Draaie oan de knoppen

Alle dagen wurdt oerlein oer de kapasiteit, de wachtlist en oer hokker operaasjes dien wurde kinne. Brouwer: "De verdeelsleutel is duidelijker. Het is continu draaien aan de knoppen. We maken de planning op basis van de wachtlijst, die regelmatig wordt opgeschoond. Dan kijken we bijvoorbeeld naar hoeveel tijd we nodig hebben om iemand te opereren, hoeveel personeel er beschikbaar is en hoeveel dagen die persoon daarna nog in het ziekenhuis moet liggen."

Sa besiket it sikehûs elk beskikbere gatsje op te foljen, sadat de wachtlist safolle mooglik fuortwurke wurdt.

Foto: Omrop Fryslân

Noazen deselde kant op

Wat de struktuer en gearwurking oangiet hat corona foar it sikehûs ek in soad betsjut. Elkenien tinkt mei mekoar mei en de noazen stean allegear deselde kant op. Dat moat ek fansels, want ek as it coronafirus him deljout, moat der noch in gigantyske wachtlist fuortwurke wurde.

Brouwer hat hjir al ideeën oer. Hy sjocht wol wat yn in gearwurking mei de Fryske sikehûzen dy't fan mekoar operaasjes oernimme kinne as der mear romte is by in oar. Alles om de minsken sa gau as mooglik te helpen.

Wachtsje jo al skoften mei pine op in operaasje en wolle jo jo ferhaal mei ús diele? Stjoer dan in mail nei redaksje@omropfryslan.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)