Man (22) út It Hearrenfean oppakt foar rellen Museumplein Amsterdam

De plysje hat in man út It Hearrenfean oanhâlden omdat er yn jannewaris belutsen west hawwe soe by rellen op it Museumplein yn Amsterdam. De plysje kaam de man op it spoar neidat yntern bylden fan de rellen ferspraat wiene. Dêr waard de fertochte op werkend. De man is tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.
© ANP
Op it Museumplein yn Amsterdam waard op 17 en 24 jannewaris demonstrearre tsjin de coronamaatregels. De demonstraasjes rûnen út op rellerij, dêr't in soad geweld en fernielerij oan te pas kaam.
De plysje hat ferskate bylden ferspraat dêr't relskoppers op te sjen binne. Der binne tips binnen kaam en guon relskoppers hawwe al kontakt hân mei de plysje. Nei ferwachting sille der de kommende tiid mear oanhâldingen folgje.