Mear besmettingen meld as trochsneed, ek sân stjergefallen

04 feb 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 186 coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne tsien mear as woansdei, want doe wienen it 176. De ôfrûne wike wurde gemiddeld alle dagen 169 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (30). Dêrnei komme Tytsjerksteradiel (26) en Ljouwert (24). Yn Tytsjerksteradiel stiet it ferpleechhûs Berchhiem, dêr't in grutte corona-útbraak is.

Sân stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren sân stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om twa ynwenners fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen en ien yn Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en Opsterlân.

Der binne gjin Friezen it sikehûs yn rekke mei corona.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 4.246 coronagefallen fêststeld. Gemiddeld is dat 3.916 de ôfrûne wike.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)