HEA! Bûten dûnsje mei DIF

Hoe kinne je dochs je dûnslessen trochsette yn dizze coronatiid no't dat binnen net mear kin? Dan gean je nei bûten te dûnsjen! Dat betochten de minsken fan Dansen in Friesland (DIF). Foar harren learlingen tusken de 5 en 17 jier makken se in dûnstocht fan sa'n oardel oere, hielendal coronaproof mei dochs genôch beweging om waarm te bliuwen.
HEA! Bûten dûnsje