Coronastjerte ûnder bewenners Berchhiem yn Burgum soarget foar leechte en fertriet

04 feb 2021 - 20:38

Yn ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum binne yntusken fjirtjin bewenners ferstoarn oan de gefolgen fan in besmetting mei it coronafirus. Op ien ôfdieling giet it om sân fan de njoggen bewenners. Yn totaal binne no 46 bewenners en 40 meiwurkers posityf test op it firus.

De stân fan saken by ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum

Twa wiken lyn stuts it firus de kop op op twa ôfdielingen: Hillemahofje en Oranjestins. Sawol bewenners as personielsleden rekken besmet by de útbraak. Omdat de sifers oprinnen bleaune, binne de ôfrûne dagen alle bewenners en de fjouwerhûndert meiwurkers previntyf test. Dat brocht wer nije besmettingen oan it ljocht.

Freed wurde bewenners fan Berchhiem dy't net siik binne, yninte tsjin it coronafirus. Sike bewenners krije har faksinaasje letter.

Ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân

Bestjoerder Jan Maarten Nuijens fan soarchkoepel KwadrantGroep, dêr't Berchhiem ûnder falt, fertelt dat de situaasje swier is foar de bewenners en it personiel. "We hebben een huiskamergroep met negen cliënten en daar zijn er zeven van overleden. Dat heeft natuurlijk een geweldige impact op het personeel, die de mensen onder hun handen zien wegglippen. Heel zwaar."

"De mensen raken hun cliënten kwijt, waar ze soms weken of maanden voor hebben gezorgd. Daar bouw je toch een band mee op", seit Nuijens. "Als je dan ziet dat, ook als gevolg van de strenge regelgeving, mensen heel snel opgehaald worden in een zak. Hun kleding heel snel weg. Dan blijft er heel veel leegte achter en dat zorgt natuurlijk voor heel veel verdriet."

Vaccineren, vaccineren, vaccineren, dat is echt de oplossing voor het terugdringen van dit hele klotevirus.

Bestjoerder Jan Maarten Nuijens fan soarchkoepel KwadrantGroep

Yn fergeliking mei moandei binne der tsien bewenners mei in besmetting mear. Fan de fjouwerhûndert personielsleden dy't test binne, is by acht in coronabesmetting fêststeld. Dat liket miskien net in soad, mar it oantal falt altyd ôf, seit Nuijens. "Elke coronabesmetting is er echt één te veel."

Yntusken is der úteinset mei de faksinaasje fan de bewenners, mar Nuijens hat noed oer it faksinaasjebeleid foar de meiwurkers. "In Fryslân is het zo dat de helft van de medewerkers in de ouderenzorg zich op dit moment niet kan melden voor vaccinatie. Ze zijn nog niet aan de beurt. En vaccineren, vaccineren, vaccineren, dat is echt de oplossing voor het terugdringen van dit hele klotevirus."

Jan Maarten Nuijens, bestjoerder fan soarchkoepel KwadrantGroep, dêr't Berchhiem ûnder falt

(Advertinsje)
(Advertinsje)