Omrop TIP: Nei de legindaryske strafskoppen fan de fuotballers, is it no oan de kuorballers

Yn dizze coronatiid bliuwt it rêstich by de sporten. No is de kuorbalkompetysje yn de Kuorbal League wol úteinset, mar de klassen dêrûnder moatte noch hieltyd wachtsje op in spannende kompetysje. Dêrom komt Omrop Fryslân yn aksje mei de striid om de 'Omrop Fryslân Troch de Koer Bokaal'.
© Omrop Fryslân
Fan sneon 6 febrewaris ôf stride de Fryske 'ploegen' út de 3e A- en B-kompetysje om de bokaal. De opdracht is ien dy't eltse spiler aardich ûnder de knibbel hat: de bal troch de koer goaie op in ôfstân fan sa'n 6 meter. Fansels is ús koer op de goeie hichte ôfsteld. No kin net it hiele team yn aksje komme, dus sil de topskoarder of de meast technyske spiler fan it team harren ploech fertsjinwurdigje. En... Nei de manlju by it penaltysjitten is it no tiid foar de froulju. Sy sille dizze kompetysje oangean.
De bêste teams gean troch nei de finale en sa witte wy op 20 maart hokker team romte meitsje mei yn harren prizekast. Teams dy't meidogge binne: Flamingo's, TFS, Olympia, Ljouwert, Pallas 08, DTS, Inveca Frigro, Joure, It Fean/ Boelensleane, DTL en Spannum.
Folgje de striid fan sneon 6 febrewaris ôf alle wiken yn Sneon yn Fryslân, live op radio, telefyzje of fia de online kanalen fan Omrop Fryslân.
Sjoch hjir hoe't it by de fuotballers gie.