Jan de Groot sliept fan de pine sûnt septimber yn de stoel

04 feb 2021 - 13:00

Jan de Groot (81) fergiet fan de pine, mar hat noch hieltyd gjin ôfspraak by it sikehûs. De Minnertsgeaster wachtet al moannen op in nije heup. Krekt as tûzenen oaren stiet hy op de wachtlist by it Ljouwerter sikehûs MCL, omdat de coronasoarch op dit stuit foarrang hat. De pine is by De Groot op dit stuit sa slim dat hy net mear op syn bêd sliepe kin.

Jan de Groot hat in soad pine

Alle dagen wurdt er wekker yn de wenkeamer. De Groot sliept al sûnt septimber op in stoel omdat hy hjir makliker ôf komme kin as fan it bêd. As er wekker wurdt begjint De Groot te prakkesearjen oer hoe't der de dei trochkomme moat. Hy skarrelet mei in stôk wat oer it hiem, want achter de geraniums sitte wol er perfoarst net.

Sa lang as it noch wat wol, giet er alle dagen in blokje mei de hûn om. Dat giet dan hiel stadich efter de rollator. Stap foar stap. En dan is er bliid dat er wer thús is. Sûnt ferline wike kin er ek dat net mear. De wrâld wurdt alle dagen lytser en de pine grutter. Mar hy set troch, want sa sit hy yn mekoar.

Foto: Omrop Fryslân

Ferskate kearen hat hy al mei it sikehûs en de hûsdokter belle. Mar it jout neat, seit De Groot. Se kinne him net helpe. Hy begrypt it earne ek wol, mar hy wol sa graach in ljochtpuntsje.

It docht my sear, sa sear. Ik ha it hier rjocht oer ein, sa lilk bin ik.

Jan de Groot

De triennen springe him yn de eagen. Hoe lang oft er dit noch folhâldt, doart De Groot net te sizzen. "It docht my sear, sa sear. Ik ha it hier rjocht oerein, sa lilk bin ik." It iennige wat helpt, is dy operaasje. Hy wol sa graach moed hâlde.

Hy wit dat er mei him noch folle mear binne dy't in soad pine hawwe, wylst se wachtsje op in nije heup of knibbel. Mei wanhoop yn syn stim ropt er: "Doch der wat oan, doch der wat oan!" As it ynterview dien is, hiset er himsels omheech oan de tafel en besiket wer in oare hâlding te finen.

Wachtsje jo ek al skoften mei pine op in operaasje en wolle jo jo ferhaal mei ús diele? Stjoer dan in mail nei redaksje@omropfryslan.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)