Ofslútdyk yn beide rjochtingen ticht foar reparaasje froastskea

De Ofslútdyk is fan freedtejûn 21.00 oere oant sneontemoarn 9.00 oere ôfsletten yn ferbân mei wurksumens. Rykswettersteat reparearret dan skea oan it asfalt ûntstien troch froast.
© ANP
Neffens Rykswettersteat kin it wurk net langer wachtsje. Der wurdt de kommende tiid mear froast ferwachte. Dat soe opnij foar problemen soargje kinne, seit Rykswettersteat, mar as de skea no net oplost wurdt, kin de ferkearsfeilichheid yn gefaar komme.
"We zijn net op tijd. Nu kunnen we het asfalt herstellen voordat de vorst er weer aan komt. Een deel van de weg is helemaal niet goed meer", seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. "Met vorst gaat het snel kapot."
Der sitte skuorren en ûnregelmjittichheden yn it asfalt. Parten fan de dyk moatte yn beide rjochtingen ferfongen wurde. De ôfsluting wurdt ek fuort brûkt om oare wurksumens oan de dyk út te fieren.
It ferkear wurdt omlaat fia de A6 en de Houtribdijk. Minsken moatte neffens Rykswettersteat rekken hâlde mei in flink langere reistiid. De Ofslútdyk bliuwt tagonklik foar helpferlieningstsjinsten en iepenbier ferfier.