Boete foar trije jûnskloknegearders yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitejûn trije persoanen dy't har net oan oan de jûnsklok holden op de bon slingere. It trijetal waard om 21.30 oere hinne tsjinholden op Aldlânsdyk. Se hiene gjin jildige ferklearring om bûtendoar te wêzen.
De jûnsklok giet yn om 21:00 oere © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
It giet om trije jongeren tusken de 16 en 21 jier. Se krigen fan de aginten in proses-ferbaal. Foar it negearjen fan de jûnsklok jildt ek in boete fan 95 euro. De jûnsklok is in ekstra maatregel boppe-op de al ynfierde lockdown, dy't jildt oant 10 febrewaris.