Piet Paulusma: Ekstreem winterwaar kommendeweis, mooglik soad snie

Takom wykein krije wy flink winter. Dat foarsizze waarman Piet Paulusma en ek de measte oare waarsaakkundigen. Dêr kin mooglik in grou pak snie falle en troch de hurde wyn kinne sniedunen ûntstean. De winter dy't no ferwachte wurdt, liket op dy fan 1979, mar der binne ek ferskillen, seit Paulusma. "Yn '79 wie it slimmer, mar wy komme aardich yn de rjochting fan in sniestoarmachtige tastân."
Ekstreem winterwaar kommendeweis
Sa't it no liket, komt der fan 't wykein in klassike kjeldynfal seit Paulusma. "Der komt in wynkrêft 7 te stean, mei yn Waadgebiet útsjitters yn krêft 8 of 9. Dat past by it byld fan de winter fan 1979. Mar oft wy ek safolle snie krije as yn 1979 betwivelje ik. Doe hiene wy earst ek izel. En no is it in klassike kjeldynfal. Yn '79 wie it slimmer, mar wy komme aardich yn de rjochting fan in sniestoarmachtige tastân."
Paulusma hat it der mar mei drok mei. Hy wurdt in soad frege om advys. "Ik bin bliid dat it wer ris winter wurdt. Minsken moatte tinke om wetterliedingen en antyfries. En it ferkear kriget lêst fan de snie. It kin glêd wurde."
Sneon is in oergongsdei. It reint earst en de temperatueren bliuwe mei +1of +2 graden krekt boppe nul. De wyn komt út it noardeasten en is yn it Waadgebiet hurd, yn de rest fan de provinsje matich oant krêftich.

Sneontejûn mooglik glêde diken

Dan giet it yn de jûn en nacht los mei de de kjeld en de snie. Yn de oergong fan rein nei snie is der grutte kâns op glêdens. It friest licht (-3 of -4 graden). De wyn sit yn de eastlike oant noardeastlike hoeke en is matich oant krêftich.
Piet Paulusma oer it ferwachte winterwaar
Sjoch hjir in dokumintêre út it argyf oer de winter fan 1979.